Njonken dy – Sipke de Boer


Sipke de Boer is een veelzijdige muzikant. Hij maakt niet alleen in zijn vrije tijd Friestalige liedjes maar schrijft en componeert veel voor anderen. Sipke schreef liedjes voor o.a. De Zware Jongens, René Becker, Jelle B., Anny Schilder & José Hoebee.

Zijn belangrijkste activiteit is en blijft het optreden als zanger/entertainer. Dit doet hij met zijn band De Suskes en als solo artiest. Als solo artiest treedt Sipke op met alleen gitaarbegeleiding. Hij speelt bekende Nederlandstalige en Engelstalige meezingers en weet de mensen overal mee te krijgen.

Naast jou:  is een single van Boudewijn de Groot die afkomstig is van zijn live album Een hele tour. Op dat album waren live-uitvoeringen te horen van Boudewijn de Groot begeleid door het Metropole Orkest onder leiding van Dick Bakker, tevens arrangeur. Het origineel is afkomstig van De Groots album Voor de overlevenden, een album uit 1966. Tijdens de latere live-uitvoering zong Jan Rot met De Groot mee. Het lied is geschreven door de combinatie Lennaert Nijgh (tekst) en De Groot (muziek). Boudewijn de Groot kreeg er geen hit mee.

Boudewijn de Groot zijn reactie:

“Wauw, da’s mooi! Goed arrangement. De vertaling kan ik uiteraard niet volgen, maar dat zal wel snor zitten. Prima versie. Ben er zelf ook trots op. Beter dan het origineel, zou ik bijna zeggen.

Het banjo-geluid vind ik mooi, alleen zou ik een banjo in achtste noten door laten lopen. Maakt het vloeiender en stuwender. Voor de rest mooi arrangement. Goed gezongen: eindelijk zangers die lettergrepen ruimte geven.”

Njonken dy

Nee, hoe kin ik no dyn wurden doch begripe, troch myn wimpers sjoch ik ek ’n trien by dy.
Ik wie doch goed en leaf, ik haw dy altyd stipe, wêrom moat ik fuort en is it no foarby?
Wolst net iens mear even lekker mei my krûpe, dan bist kribbich, lyk as ik ’n frjemde bin.
Ik bin bang as ik dy nei my ta wol lûke, ik bin bang dat ik dy dan net iens mear ken.
Mar ik ken dyn moaie lichem mei myn eagen ticht, want ider plakje wie foar my!
Miskien sjoch ik dy noait mear en it fernuvert, dat ik rêstich tink en no net gûl om dy…..


Ik ken dyn geheimen, dyn ûnwissichheden, dy’t we deelden yn dit waarme, smelle bêd.
Dêr’t ’k no lis te tinken en net sûnder reden, do wolst net fierder troch mei my, do bist my sêd.
Ik wit noch goed ús earste nacht hjir yn de simmer, ik spiele myn gitaar, do wiest sa frij,
we blowden en we frijden oant de moarntiidskimer, nea kaam der ’n oare siel sa djip yn my.
Mar ik hie net troch datsto as wetter streame moast en dat ik dy net bine kin.
Doch wie it mei dy de waarmste kâlde winter, sa sil ik der myn libben lang werom nei sjen.


Myn gefoel foar dy, ik moat it mar bedobje, ’t kin net oars, sa moat ús paad no fierder gean.
Ut mei-inoar, mei oaren fan it libben snobje, we moatte beide fierder en net stil mear stean.
Mar by ús ôfskie hasto noch wat achterlitten yn myn hert, en dêr giet it nea ferlern.
Us gelok, ús leafde en ús seker witten, datst my better kenst as ik mysels no ken.
Mar ik gean nei bûten, slaan de doar achter my ticht, de stêd is drok, de loft is skjin.
Ik wit, ik sil mysels en ik sil dy bewize, dat ‘k my sûnder dy sels ek wol rêde kin.


Ik wol nei de see ta, dûnsje oer de weagen, ik wol fleane as in fûgel yn de loft,
troch de wite wolken, de sinne yn de eagen, altyd wol ik wille meitsje sûnder skoft.
Ik laitsje nei de minsken troch myn wiete triennen, yn de stêd dêr no de maitiid is begûn,
kjeld en tsjuster fan de winter dy ferfleane, ik haw wer de waarmte fan de sinne fûn.
Ek al bin ik fuort by dy, ik sjong doch troch want ik haw altyd noch dit liet en myn gitaar!
Yn myn dreamen kin ik dy noch altyd fiele, do rekkest by my noch grif deselde snaar.

MP3 bestand