It wie in reis fan sân dagen en de nachten wiene lang.
Ik hie meastal freonlik selskip en ik wie mar selden bang.
Oan de oare kant fan de heuvels, wie it gers net altiid grien.
At se my fregen: “Wolst’ it oerdwaan?”, dan hie ik dat net dien.
It wie oan d’ ein fan al dy fjilden en it rûn al tsjin de jûn.
Doe’t ik de himelpoarte, myn reisbestimming fûn.
Ut tûzen boeken en ferhalen, wist ik as gjin oar.
Fan de frede yn it paradys….. Achter de himeldoar.
De doar wie hiel ienfâldich, in gewoane houten doar.
Yn in muorre fan stien en der stie gjin ingel foar.
Gjin strielekrâns, gjin himelsk ljocht, gjin flaggen lâns de wei.
Wol in buordsje wêrop stie: “wy binn’ iepen op de lêste dei”.
Ik kniep ‘m doe eins bêst wol want stelle jo je foar.
De leechte dy’t der is, as jo net komme troch dy doar.
Myn lea wie wurch fan al it reizgjen, ik wie dus flink kapot.
Mar úteinlik soe ik witte ….. wa as wat is God.
De doar gong iepen, ik seach in âld mar freonlik mantsje stean.
“’t Is hjoed jo lêste dei’, sei er, jo mei’ nei binn’ ta gean.
Ik bin Petrus en ik gean dêroer, omdat ik ider minske ken”.
Ik sei doe “mei ik jo wat freegje:…. Mei ik God hiel even sjen?”.
Petrus seach ferbjustere, hy begriep my echt net goed.
“Wa?” Frege ’r my fersteurd. En doe sammele ik alle moed.
“Is God hjir?” Frege ik lûd. Miskien mankearde syn gehoar.
“God? Werhelle hy. Dy namme komt hjir ècht net foar.
Der is net íen dy’t hjir sa hjit by ús, achter de himeldoar”.
“En Jezus”, frege ik. En doe knikte ’r mei syn holle.
“Jezus ken ik wol …… mar sa hjitt’ der hjir safolle”.
“Mar Allah dan?”. Frege ik. “Of Jaweh, dit is toch harren thús?”.
“Nee it spyt my” sei Petrus. “mar wês wolkom, yn it himelhûs”.
Ik liet de himeldoar gewurde, want dit wie my net nei it sin.
It Paradys sunder God, no dat fûn ik fierste min.
Ik rûn by it ljocht fan sinn’ en moanne en by in grutte beam.
Seach ik tusken daljes en asters, in sút’rich húske stean.
Wenne dêr in kluzener? In ienling of hoeder.
Hjir oan d’ ein fan myn reis want efter dit hûs gie it net fierder.
Wa libbet hjir op de grins, fan it alles en it neat.
In ferstjittene miskien, as de duvel….. yn in hûs fol kwea?
Ik kaam tichterby en seach nijsgjirrich yn it stee.
Oan tafel sieten man en frou mei koeke, oan de tee.
Se wiuwden “kom der by” en doe’t ik dêr siet sa op de stoel.
Untduts ik de himel doe’t it ljocht op ‘e tafel foel.
Ik seach it stof fan ieuwen yn de nerven fan it blêd.
De klok wie sûnder wizers, want tiid bestiet dêr net.
Se glimken my leaf oan, doe sei it stel mei sêfte stim:
“Wolkom by ús thús hjir…… Wy binne Him”.
“Ús sykje en ús fine, as dat jo sin is yn ’t bestean.
Dan falt der neat te sizzen en kinn’ jo yn frede gean”.
Ik frege: “wêrom swije jim sa skruten, oer jim’ oanwêzichheid?”
Se antwurden: “it witten is de ein’ fan de ûneinichheid”.
“Och jo kinne it ferhaal wol, fan de woarst foar de noas.
Us fine troch te sykjen? Och, der is toch safoll’ oars!
Gean werom nei ‘t Paradys, wy haww’ it bêste mei jo foar.
Jo sill’ ferjitte wat jo seagen, oars giet dêr de rêst teloar.
Mar yn ús tinzen binn’ wy dêr by jo, achter de himeldoar”.
Boudewijn de Groot zijn reactie:
Dit heeft heel wat voeten in de aarde gehad, met name wat betreft het vinden van de juiste zanger. Het bleef steeds te veel een gezongen lied, terwijl het eigenlijk een verteld verhaal is. Ook Syb viel aanvankelijk in die valkuil, maar heeft toch de juiste toon gevonden en er een krachtig nummer van gemaakt met op de juiste momenten te vertellen of te zingen. Ik ben blij dat het gelukt is, want ook hier heb je als vertaler uitstekend werk verricht. Het was zonde geweest als we het hadden moeten schrappen.