Skip to main content

Theun Planting en Lotte Broersma – Apokalyps

Wolsto dûnsje Amarinske, lit ús dûnsje dizze nacht.
Want do bist myn allerleafste, lit ús passy oan de macht.
Lit ús drinke en ferjitte, as bestiet der net in moarn,
want moarnier moat ik marsjeare foar de ear fan ’t heitelân (2x).

Mar ik doar net te dûnsjen, myn leave, de nacht is sa tsjuster en kâld
En ik hear fjouwer hynders, mei ruters dêrop, troch it tsjustere wâld.
Net ien kin de ruters ûntrinne, as it ljocht wurdt dan is it dyn tiid.
Leave skat, dan litst my allinne. Myn leave ik wol dy net kwyt!
Kom myn moaie Amarinske, och toe krûp my noch ris oan.
Pak dyn glês en lit ús drinke, bliuw hjir by my oant de moarn.
Lis dyn klean hjir del, de lokken los, jou my no dyn hân,
want moarnier moat ik marsjeare foar de ear fan ’t heitelân (2x).

Mar ik hear de hoeven, se driigje, want se drave no hurd oer it lân
en efter de hynders sjoch ik buorkerijen en doarpen yn brân.
Och koesto hjir altyd mar bliuwe, tegearre mei my foar altyd.
Mar de ruters se sille dy driuwe. Myn leave ik wol dy net kwyt!

Och myn leave Amarinske, mei dy dûnsje fielt sa frij,
Wat kin ik no fierder winskje, hjir allinne no mei dy.
Dizze nacht dat is ús lêste, lit ús frije oant de moarn
want moarnier moat ik marsjeare foar de ear fan ’t heitelân (2x).

Och wat binne we beide gelokkich, fan de leafde dy’t ús hjir oerkomt.
Wêrom komme de ruters, och leave wêrom, wêrom bin wy ferdomd.
De sinne brekt troch yn it easten en ik sjoch yn dyn eagen fertriet.
It sil dy fergean as de measten. Myn leave ik wol dy net kwyt!

Dag myn leave Amarins’, ‘k sil oan dy tinke eltse dei.
As myn faam, myn allerleafste, sa draach ik dy yn my mei.
Mar mocht ik myn libben litte, jou in oare man dyn hân
want ik moat dy no ferlitte, foar de ear fan ’t heitelân (2x).

Prince God, wêrom moat hy stjerre, wêrom is it libben sa wreed?
Wêrom komme de ruters op ynswarte hynders, mei oarloch en leed?
Jo bestjoere de wrâld dêr fan boppen en jo kinne myn grutte ferwyt.
Yn myn lichem draach ik syn poppe. Ik wol myn leafste net kwyt….

Lees meer over Theun PlantingaLees meer over Lotte BroersmaBeluister nu

Boudewijn de Groot zijn reactie:

Eindelijk een uitvoering als duet, zoals het eigenlijk bedoeld was door Lennaert. Ik was toen te verlegen een zangeres naar de studio te vragen. Dat durfde ik pas bij “Prikkebeen”, met Elly Nieman. Net als bij “Onderweg” is dit een mooie uitvoering, hoewel iets te strak gezongen door Lotte, waar ze in “Ûnderweis” soepeler was. Maar ze heeft een prachtige stem. Misschien hadden we iets meer moeten sturen, Cees.