Ik hâld de ierde yn myn hân. It glêzen aai mei lân en wetter.
Ik blaas de himel fol gesketter. Ik rop de heide út it sân.
Ik skuodzje apen út ‘e mouw’. De spikkel panters en de skriezen,
it blauwe knyn en ek de Friezen. Ik strui mei dize en mei dau.
Alles slagget, ider plan. ‘k Werken de bisten oan harren hûd
en elke fûgel oan syn lûd. Ik jou de namme oan de man.
De ferv’ dy’t ik griemde, it fleant no yn ‘e brân.
‘t Palet falt flamjend út myn hân.
Kin ik my fersinne, ik sjoch dy rinnen,
yn myn eigen griene gers.
Wolsto graach wyt wêze, dat ik dy net ken
en dat ik net almachtich bin.
Do ytst fan myn apel, ik kin dyn spul wol,
want do ferliedest sa de man.
Mar om dyn frouwelichemspracht, sjoch ik brân mei rôze fjoer.
Do sitst sa stikem oan myn stjoer. En myn wrâld komt yn dyn macht.
Der slûpt de kat, hy ’s blau mei brún. Se hat de protter al te pakken.
Troch gouden blêden oan de takken, sjoch ik de panters op ’e strún.
De fleisbeam dy’t de mar út komt. Dy riist omheech mei glêzen snaren.
En op ien fan har pilaren. In nar dy’t skuine ferskes sjongt.
Hjir stean ik foar aap, op in simmerske moarn, ik tocht ik kin wol alles oan.
En aanst bin ik boppe, dan krûpt út de groppe, de ingel mei it grutte mes.
Boudewijn de Groot zijn reactie:
Hier moet ik eerlijk zeggen dat het arrangement van Paige, dat weliswaar redelijk goed is overgenomen, beter tot zijn was gekomen met echte blazers ipv samples. Al zijn ze goed gespeeld, maar samples missen nu eenmaal het vloeiende en golvende dat je bereikt als je op echte instrumenten speelt. Maar als geheel is het nummer geslaagd. Reinout heeft precies de goeie stem voor deze tekst.