Wêrom riidt de man, yn ’t swit op redens yn Thialf.
In nij persoanlik rekôr. Wat is syn doel?
De allerbêste.
Wêrom, stiet de faam, kwalik yn klean, op har moaist,
te glimkjen yn ’t felle ljocht, wat is har doel?
De allermoaiste.
Wêrom as de sakefrou de moardzjende striid oangiet,
mei de konkurrint. Wat is har doel?
De allergrutste.
En ik sit hjir tefreden mei de lytse op de skoat, wy ha gjin striid mei oaren.
Ut leafde – net omdat it moat – gean ’k te fytsen mei dy skat.
As er mar gjin fuotballer wurdt, se skoppe him miskien heal dea.
Mar leaver dat noch, as sa koart foar de kop as de populist
want dan hat er doch grif myn boadskip mist.
Boudewijn de Groot zijn reactie: