Skip to main content

Syb van der Ploeg en Lotte Broersma – Pastorale (yn it Frysk)

Myn himel, blau mei gouden hallen, myn wolketuorren, iiskristallen,
kometen, moannen en planeten, ahhhh, alles draait om my.
Fanút it ivich himelljocht oan’t djip ûnder de weagen brocht
myn fjoer de leafde nei jimme ierde.
In faam sjongt op it witte strân, mei skelpen yn har iepen hân, se glimkje yn myn ljocht.
Ik hâld fan dyn strielen oer it lân. Ik hâld fan de skelpen dy’t ’k fyn op it strân.
Sa fyn ik rêst, ‘t wurdt stil yn my, ik fiel dyn waarmt’ as earm fan dy. Ik haw dy leaf, sa leaf!

Asto de wyn fielst oer greide of yn in de dize, oer de heide,
as hagelbuien stiennen spuie, aaah, alles komt troch my.
Sykje de dei op! Net de nacht! Fiel hoe ’t de tònger yn dy slacht.
It fjoer fan leafde, myn gouden eagen.
Mar famke doch mar kalm oan, want aanst komt wer de iere moarn, sa kleurj’  ’k it tsjuster ljocht.
De nacht wie sa kâld de moanne griis, ik sykje dyn ljocht want oars bin ’k  fan de wiis.
Do skitterst troch de moarntiiddau, ik wol nei dy yn ’t himelblau, ik haw dy leaf, sa leaf!

De ierde kinst yn myn earmen fine, sa gau as myn strielen har beskine.
En tegearre mei de stjerren, skyn ik as Noarderljocht.
Mar soms bin ik as siedend lead, toch bring ik libben, net de dea,
út fjoer, út leafde, troch alle tiden.
Dus famke sjoch omheech nei my, de reinbôge dy skynt foar dy, hjoed is hy foar dy.

Nee, nea stean ik in sekonde stil.  Ik wol leaver brâne, nim my mei.
Gjin minske hat grip op wat ik sil. Asto aanst ferdwynst oan d’ ein fan de dei.
Sûnder my, koe der nea wat begjinne.  Dyn himelbaan, dêr’t yn ik pas.
Do kìnst net hâlde fan de sinne! Dêr lit ìk, dy nea wer los.
Ik haw dy leaf, sa leaf! (3x)

Lees meer over Syb van der PloegLees meer over Lotte BroersmaBeluister nu

Boudewijn de Groot zijn reactie:

Syb kan de tekst prima aan en Lotte is een aandoenlijk ‘verliefd meisje’. Mooi duet ook weer. En wat me vooral deugd doet is dat het ‘verkeerde’ akkoord uit het origineel is vervangen door het juiste. Ik ga dat niet uitleggen en waarschijnlijk valt het niemand op, maar voor mij was het belangrijk. Ook weer een prima adaptatie van het oorspronkelijke arrangement. Hier kunnen samples heel goed, binnen een groter geheel. Bij solistische instrumenten is dat minder het geval.