Hy leit mei syn boat oan de râne fan it doarp, de measte minsken fine him in sûnderling.
Hy fluit syn âlde wetterhûn, hy wol wer fuort, de mar op farre, tegearre wer oan board.
De trossen los, it kalme wetter, de waarme wyn, ein’ gekwetter, hy heart de stim fan de natuer.
Hy siket in plak foar syn rêst, de dagen fleane him foarby, wêr wol hy op oan?
Hy driuwt mei de weagen en waait mei it swurk, de wyn nimt him mei as ’n fûgel dy’t sweeft.
Hy falt út de toan.
Skipper Prikkepoat, de minsken fine him net sa snoad, in idioat, Skipper Prikkepoat.
Sa sylt er de jûn troch, los fan de tiid, de wetterhûn hy skarrelt om, de tiid ferdriuwt.
De sinne sinkt, it wetter yn, de jûn is brodsk, hy fart, fertize yn it soele waar.
De kime lûkt, hy is yn tinzen, hjir is er fier fuort fan de minsken. Dan ropt in stim út de natuer.
Do sikest oeral mar net út fertriet want dyn holle en dyn hert binn’ leech. Ea siet ik sa fol.
Ik draach op myn boarsten de kaai fan de doar, dy fynst by ‘t ljocht fan in stjer dy’t ferbaarnt.
Sa fyn ik ’m wol.
Skipper Prikkepoat, de minsken fine ’m net sa snoad, in idioat, Skipper Prikkepoat.
It lûd fan de romte wurdt stil yn de nacht, hy siket stjerren yn it tsjuster oangesicht.
Jou dy del, sliep mar sêft, it ankerplak is kalm en smûk, de hûn dy jout him del.
De langste jûntiid krûpt de nacht troch, de earste fûgels dy’t wer sjonge, een markol sjit it wetter yn.
De dauwige dize lost op oer it lân. De dauwige dize lost op.
it sinneljocht glimket him ta. It sinneljocht…
In stjer dy’t ferbaant!
No fynt er de kaai en hy iepen’t de doar, hy stiet yn it ljocht en hy sjocht noch ris om.
Farwol en oant sjen. Farwol en oant sjen.
Miskien oant sjen. Miskien oant sjen.
Skipper Prikkepoat, de minsken fine ’m net sa snoad, ’n idioat, Skipper Prikkepoat.
Boudewijn de Groot zijn reactie: