No falt de nacht, sêft as de snie en it wurdt stil om my.
Falt der fan fier in stjer op myn paad, dan nim ik him mei foar dy.
Stil stean yn ’t Wâld (1). Tsjuster en kâld. De spjirren ferstienne op wacht.
It ljocht op de snie fan ljochtjierren fier en ik bin ûnderweis.
No is de nacht. Sêft as de snie. Sa tsjuster, sa wyt, om my.
Ik draach in stjer fan fier yn myn hân, ik bin ûnderweis nei dy.
Stil is de nacht, sêft is de snie en it wurdt stil yn my.
Ik draach in stjer fan fier yn myn hân.
Ik bin ûnderweis nei dy.
(1) Oranjewoud.
Boudewijn de Groot zijn reactie: