Us beppe sit op twitter, ja dêr hat se in account. Se kin chatte fan New York oant Muntsjesyl.
En se docht in swipe en se praat mei heit, mar dat kostet neat want dat giet mei skype.
Ja ús beppe hat in digitaal profyl.
Us beppe hie har nocht fan altyd breidzjen foar de bern.
Se woe wat mear kontakten en mear fan it libben sjen.
Se tocht wol oan in kursus, wêrfan hie se ferlet?
Ús pake Pyt sei ‘famke wy witt’ neat fan ynternet’.
Dus beppe in kompjûter mei it password fan ús Klaas.
En wurkjen mei kommando’s, wie ús beppe fluch de baas.
It âlde minske krige nocht, se die oan alles mei.
Se woe ek noch tillefoan, ien fan Huawei.
Se koppelde mei wifi, se is altyd online.
Se komt net mear oan breidzjen ta, nea ferfeeld op snein.
Mar nimmen dy oan pake tocht, hy siet der wat ferlern.
Hy krige kwalik oandacht mear fan beppe en de bern.
Us beppe seach it ek, ús pake fielde him wat oer.
Mar beppe dy kin googelje, dat is foar har gjin toer.
Se sei tsjin Pake: “Sjoch ris Pyt, dit is krekt wat foar dy,
‘Virtual reality”, dan hearsto der ek by”.
En juster kaam ik op besite by dy âlden thús.
Stiet pake mei sa’n dûkbril op te dûnsjen yn ’e hús.
Boudewijn de Groot zijn reactie:
Ook een verrassing, deze eigentijdse variant. Verschrikkelijk goed gezongen door Jelle. Veel vrolijkheid en speelsheid, maar gelukkig niet overdeven. Dat komt het nummer ten goede, zeker met deze tekst. Het arrangement is ook zoals het origineel, wat heel goed kan, al gaat het niet over een trompetterende soldaat. Meer een soort boerenkapel, zal ik maar zeggen. Met alle respect, overigens. Ik hou van boerenkapellen.